Gaslek: Terhernsterdyk ticht
De Terhernsterdyk tusken Akkrum en Terherne is ôfsletten foar alle ferkear fanwege in lek yn in gastransportlieding. De plysje hat in grut gebiet om it lek hinne ôfset.
It lek is ûntstien doe't by graafwurksumheden in hegedruklieding stikken skuord is. Minsken fan enerzjybedriuw Essent binne oanwêzich om de problemen op te lossen.