Aris yn kwartfinale beker

21 des 2006 - 12:52
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Woon!Aris hawwe harren woansdei pleatst foar de kwartfinale fan 'e nasjonale beker. Dat diene se troch yn Rotterdam it twadde team fan Rotterdam te ferslaan mei 93-87

Aris begûn goed oan 'e wedstriid en stie by rêst 18 punten foar. Yn it lêtste kwart kamen de Rotterdammers noch werom oant 6 punten. Freed is de lotting foar de kwartfinale. De winner fan de beker mei Europeesk spylje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)