Boartersplak op Skier

21 des 2006 - 11:45

Skiermûntseach krijt in oerkape boartersplak. De gemeenteried hat hjir woansdei grien ljocht foar jûn. Der wie wol krityk op it kolleezje, sa soe it plak eins gjin geskikte lokaasje wêze foar sa'n aktiviteit.

It terrein fan it skildersbedriuw fan inisjatyfnimmer Wiebe Dam is in bedriuwsterrein en de plannen soene dan ek net passe yn it struktuerplan. Mar de ûndernimmer binne tasizzings dien wêrtroch de ried akkoart gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)