Man stelt boaten en motoren

21 des 2006 - 11:26

In Ljouwerter (33) is oppakt foar stellerij fan twa boaten en fjouwer bûtenboardmotoren. In tsjûge seach twa manlju yn rubberboaten op de Grutte Wielen. Ien fan dy boaten like wol hiel folle op dy fan himsels; dy boat wie begjin desimber stellen út Burgum.

De man hat de plysje ynskeakele doe't de manlju útnaaiden doe't er wat rôp. De plysje koe ien fan de manlju al gau oppakke. De oare hie neat mei de stellerij te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)