Stroetinga mooglik net op NK

Hurdfytser Wim Stroetinga kin mooglik net meidwaan oan de NK op de baan dat takom wike yn Alkmaar hâlden wurdt. Hy wie fergetten him yn te skriuwen, om't er in soad yn it bûtenlân wie om him ta te rieden op it WK. Stroetinga wol graach meidwaan oan de ûnderdielen puntekoers en de Scratch. Op it lêste ûnderdiel is hy twafâldich titelhâlder.
De 21-jierrige Aldeberkeapster waard dit jier noch Europeesk Kampioen Scratch by de beloften.