Plak fûn byld Duisenberg

It boarstbyld fan Willem Duisenberg krijt definityf in plak net fier fan it byld Us Famke yn it sintrum fan Hearrenfean. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean besletten.
Dêrfoar moast wol wat gebeure, want de Belgyske frietkraam dy't der no stiet at der merk is, hat in oar plakje krigen. Fierder wurdt der in lytse linebeam kapt en in fytsestalling ferwidere en in bankje pleatst.