De Bruyn hâldt op by de Flyers

21 des 2006 - 10:07

Coach Brian de Bruyn (53) hâldt op as coach by iishockeyclub Vadeko Flyers út Hearrenfean. Hy hat in kontrakt tekene yn Italië. De Bruyn giet fuort omdat hy mear fertsjinje kin yn Italië en omdat hy teloarsteld is oer de risseltaten fan Hearrenfean dit seizoen. De Flyers hawwe al in nije coach oanlutsen. Dat wurdt Alex Andjelic (66). Hy trainde de Flyers al 4 jier doe't de ploech noch BP Flyers hjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)