Mishanneler oanhâlden

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige ynwenner fan Sleat is tiisdeitemoarn oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling fan in 26- jierrige ynwenner fan Drylts. De man út Drylts waard yn de nacht fan snein op moandei op 'e dyk yn de Dubbelstrjitte yn Balk fûn. Hy wie skopt en slein en is mei ferwûnings oan syn gesicht nei it sikehús fan Snits brocht.
De fertochte út Sleat hat yntusken bekend. Freed wurdt er foarlaat.