Friezinne kampioen bordueren

21 des 2006 - 06:07

Adri de Vries fan Froubuorren hat in belangrike ynternasjonale borduerwedstryd wûn. Har faas mei trije hortinsjes waard ôfrûne wike útkeazen ta it bêste ûntwerp fan Europa. De faas en de blommen dy't frou De Vries makke binne sa borduerd dat it der libbensecht útsjocht.

De haadpriis is in naaimasine fan 5000 euro en in jier lang fergees ride yn in Smart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)