Hûs-oan-hûs blêd foar de rikeren

© Omrop Fryslân
De Drachtster útjouwerij Aristo komt mei in hûs-oan-hûs blêd foar de rikeren ûnder ús. It blêd hat de namme 'Helder' krigen. It bestiet fan lúkse advertinsjes, dy't net passe yn de gewoane hûs-oan-hûs blêden. Om te soargjen dat dy advertinsjes sjoen wurde, sitte der yn it blêd ek redaksjonele stikken.
De earste edysje fan 'Helder' wurdt besoarge yn it Goai. Doel is dat der ek edysjes komme foar oare gebieten.