Byienkomst oer brannen

20 des 2006 - 20:35

Ynwenners fan Sondel, Wikel en Nij Amearika wurde tongersdei bypraat oer de brannen yn har doarp. Yn de nacht fan sneon op snein baarnde yn Sondel in pleats foar it grutste diel ôf, yn Wíkel rûn in pleats skea op. De ynwenners fan de doarpen tinke dat de pleatsen oanstutsen binne, omdat der de lêste tiid mear brannen west ha.

Plysje, brânwacht en de boargemaster fan Gaasterlân-Sleat sille tongersdei in taljochting jaan op de brannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)