Soad jild foar Fryske monuminten

20 des 2006 - 16:52

Sân Fryske monuminten barre in aardich dofke jild fan it Ryk. Se krije mei-inoar 3,2 miljoen euro fan de Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskippen en Monuminten.

Mei it jild kin de mûnen yn Wâldsein, Mantgum, Grou en Nijhuzum by Warkum opknapt wurde. Fierders krijt ek Kastiel Oranjestein yn Oranjewâld jild. En as lêste kinne twa tsjerken yn Boalsert en Nijlân begjinne mei de slach tsjin it ferfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)