Drachten pakt jonge boefkes oan

20 des 2006 - 16:27
Foto: Omrop Fryslân

De plysje Smellingerlân pakt oare jier jeugdkriminaliteit en fytsestellerij oan. Dit jier binne al oer de tûzen fytsen stellen. De seis buertplysjes kontrolearje mear. Fierders sil de Stichting Veiligheid Smallingerland, no inkeld aktyf yn it sintrum, ek bedriuwsterreinen yn 'e gaten hâlde.

It ferskerpte tafersjoch op 'e hoareka oan De Kaden yn Drachten bliuwt ek yn 2007. Dêr is de plysje yn it wykein oant moarns 7 oere oanwêzich.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)