Flier omheech, minsken út bad

© Omrop Fryslân
De beweechbere flier fan swimbad it Gryn fan Stiens giet net mear omheech as der minsken yn it bad lizze. Ofrûne freed kaam in jonge (12) klem te sitten doe't de flier omheech gie. Hy is mei in ferwûning oan de foet oerbrocht nei it sikehûs.
It is de earste kear dat soks bart. Dêrom binne mear maatregels foarearst net nedich, seit wethâlder Haites fan Ljouwerteradiel.