Kongres oer buertferset opfang

20 des 2006 - 11:25

It moat makliker wurde om yn Ljouwert opfangplakken foar drege doelgroepen te regeljen. It giet dan om brûkersromten foar drugsferslaafden en romtes foar dakleazen. De gemeente hâldt dêrom yn jannewaris in gearkomste mei saakkundigen en wykpanels.

Troch ferset yn 'e buert duorret it no faak jierren foardat in opfangplak der komme kin. Foarbylden binne de Sudergrêftswâl en heroinepost It Fliet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)