Provinsje foar seppelins op Waad

20 des 2006 - 11:01

De provinsje stelt jild beskikber foar ûndersyk nei seppelinflechten boppe de Waadsee. In stichting wol mei yngong fan takom simmer passazjiersflechten, meitsje. Yn Harns, op It Amelân en Skylge moatte opstapplakken komme.

De inisjatyfnimmers wolle takom jier ien moanne fleane, fan heal july oant heal augustus. Alve minsken kinne mei op in flecht. In kaartsje kostet 200 euro. De provinsje sjocht ek in kontrolearjende rol foar de seppelins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)