Boek oer rêding hynders

20 des 2006 - 10:38

Oer de rêding fan de hynders yn it Noarderleech by Marrum is woansdei in boek útkommen. 'De Paardenredding' ferskynt by útjouwerij De Friese Pers.

Fotograaf Catrinus van der Veen en sjoernaliste Marscha van der Vlies, beide fan de Ljouwerter krante, hawwe tegearre mei Auke Zeldenrust fan Omrop Fryslân oan it boek wurke. It is harren ferslach fan hoe't sy yn har wurk de rêding fan 'e hynders meimakke hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)