Lampkes út Krystbeam weiskuord

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean is tiisdeitenacht in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan fernielerij. De jongeman hie de ferljochting út in krystbeam foar in restaurant Achter de Kerk weiskuord en op strjitte smiten.
Doe't in oarenien him dêrop oanspruts, waard de Ljouwerter obsternaat. De plysje waard warskôge en dy hold de man op it Breedpaad oan. De dwerse jongeman is meinommen nei it buro.