'Maatregels Wolvegea te strang'

19 des 2006 - 17:37

Jongeren yn Wolvegea fine it ûnterjochte dat der sokke strange maatregels naam binne. Yn it doarp jildt in strjitferbod. De jeugd krijt in minne namme troch de fernielerij en ynbraken troch in lyts groepke.

De plysje hat alve jongeren oanhâlden nei't in flinterbom in winkelrút opblaasd hie en der ferskate kearen ynbrutsen wie. It ferbod om yn groepen om te hingjen bliuwt oant heal jannewaris bestean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)