Klachte-site oer Arriva
In protte Friezen hawwe klachten oer de nije treintiden fan ferfiersbedriuw Arriva. Op de website BalenvanArriva.com stean hiel wat reaksjes fan Friezen dy't net bliid binne omdat de trein alle dagen te let komt.
De website is makke troch Havo-learling Joris Drenth út Hoogezand. Op de side kinne minsken harren hantekening sette en klachten melde.