Klimaatkonferinsje Noarden

© Omrop Fryslân
Der komt in klimaatkonferinsje oer de feroaring fan it klimaat en de gefolgen dêrfan foar it Noarden. De konferinsje is in inisjatyf fan de GrienLinks-fraksjes yn Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
It Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân SNN sil de konferinsje organisearje. Underwerpen dy't oan de oarder komme, binne ûnder oaren de útstjit fan CO2.