Krystdrokte op sortearsintrum

19 des 2006 - 15:43

Sms'se en e-maile meie dan wol hiel populêr wêze, dochs ferfange se de Krystkaarten net. De postbedriuwen hawwe it dizze dagen smoardrok, mei it sortearje en útsuteljen fan Krystpost. De meiwurkers fan TNT Post op it sortearsintrum fernimme noch net dat it tal Krystkaarten ôfnimt. Dêr binne lykas oare jierren ek diskear ekstra minksen oan it wurk.

TNT Post ferwachtet woansdei de grutste drokte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)