Fergees nei fuotbalwedstriid

© Omrop Fryslân
De maskotte fan SC_Hearrenfean dielt sneon yn Dongeradiel fergese tagongskaartsjes út. Wa't ien hawwe wol, moat wol in Vul je vak-poster foar it rút hawwe. It giet om kaartsjes foar de wedstryd tsjin FC Utrecht op 30 desimber.
Vul je vak is in aksje fan SC Hearrefean, wêrby't de club nije minsken nei it stadion lûke wol. Yn Dongeradiel kinne 650 ynwenners in fergees kaartsje krije.