Blinehûn kin net oer fjoerwurk

It fûns KNGF foar blinegeleidhûnen is tiisdei út ein set mei in aksje tsjin fjoerwurk. Troch de knallerij hawwe blinen of minsken dy't min sjogge it dizze dagen dreech. Ek yn Fryslân is omtinken foar dizze saak.
As de hûn kjel wurdt, is er mooglik net betrouber mear. Yn it slimste gefal moat er in training hawwe en herkeurd wurde. Dat is in kostbere saak. De aksje hjit 'Liever een botje dan een rotje'.