Falko Zandstra wer op it iis

19 des 2006 - 13:42

Falko_Zandstra is kommend wykein by it NK Allround yn Thialf wer op it iis te finen. De âld-reedrider sil dêr aktearje as coach fan Helen van Goozen, rydster fan 'e Asics/Right to Play ploech. Zandstra wie nei de ein fan syn karriêre as rider noch nea werom te finen op 'e iisbaan.

Van Goozen is de iennichste rydster fan de Right to Play-ploech, de organisaasje fan âld-reedrider Johan Olav Koss.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)