Dijkhuizen nei Cambuur

19 des 2006 - 09:35

Oanfaller Marinus Dijkhuizen fan Excelsior hat tiisdei in kontrakt fan oardel jier tekene by Cambuur. De hast fiifentritich-jierrige spits waard tiisdei keurd. Hy sil nei de winterstop begjinne.

It is de twadde kear dat Dijkhuizen foar Cambuur útkomt. Fan 1996 oant 1999 stie hy al trije seizoenen by de Ljouwerters ûnder kontrakt. Hy skoarde yn dy tiid 26 kear. Dijkhuizen sit by Excelsior foaral op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)