Doarpsgids yn Weststellingwerf
Yn Wolvegea is moandei it doarpemagazine fan de gemeente Weststellingwerf presintearre. Dêryn stean de plannen dy't de ferskate doarpen foar de takomst ha.
Sa moat Blesdike in feesttinte krije, De Hoeve nije huzen, Boyl in brede skoalle en Noardwâlde in âldereintehûs. Grut ferskil mei doarpsfyzjes is dat al sjoen is nei de helberens fan de plannen.