Gjin skieds dus gjin wedstryd

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean is moandeitejûn net yn aksje kommen tsjin Jong Sparta om't der gjin skiedsrjochter wie. Dy kaam net troch in misferstân by it fuotbalbûn. Der is besocht om in ferfanger te finen, mar doe't dat net slagge binne de jonge Spartanen nei hûs ta gien.
Der moat in oare datum socht wurde om de wedstryd te spyljen. Dat sil takom jier pas wêze. Koprinner jong Hearrenfean giet earst de winterstop yn.