Studinten helpe CJIB

18 des 2006 - 16:10

Ljouwerter studinten sille it sintraal justisjeel ynkassoburo, it CJIB, helpe mei it ynbarren fan boetes. De NHL, de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, en it CJIB ha dêroer ôfspraken makke.

It CJIB sil benammen gearwurkje mei studinten dy't in bedriuwskundige of ICT-oplieding dogge. Sy kinne helpe de bedriuwsprosessen by it CJIB te ferbetterjen. Foar de studinten is it in moaie kâns om har kunde yn praktyk te bringen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)