Wer begelieders foar pjutten

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen hiert op 'e nij trije begelieders yn foar de pjutteboartersplakken yn de gemeente. Earder wiene sy ek al oan it wurk om ûnderwiisachterstannen foar te kommen, mar omdat der gjin jild mear foar wie, krigen se fan 't simmer dien.
De gemeente lûkt no ekstra jild út om sa betiid mooglik achterstannen by bern oan te pakken.