Ribkwal bedriget Waad

It libben yn de Waadsee wurdt bedrige troch in nije fleisitende ribkwal. It bist hat earder al yn de Swarte_See foar in ekologyske ramp soarge en is dit jier ek fûn yn de Waadsee.
De kwal wurdt net grutter as seis sentimeter en yt nêst plankton ek fiskaaikes. Ein july dit jier waard it bist by Lauwerseach ûntdutsen troch biolooch Arnold_Tulp fan Nijegea. Ek oare plakken yn it Waad binne minsken it bist tsjinkaam.