Nije blusauto foar brânwacht

18 des 2006 - 11:01

De brânwacht fan Ljouwert krijt in spesjale blusauto. De nije wein hat in blussysteem mei druklucht-skom. Dat is unyk foar it Noarden.

Brannen binne folle better te bestriden mei druklucht-skom as mei wetter. It skom soarget foar in goeie kuolling en ek it feit dat der gjin stoom frijkomt, soarget foar bettere resultaten. It korps sil earst trije moanne proef draaie mei de nije wein. Woansdei wurdt de blusauto presinteard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)