Finansjeel tafersjoch Gaasterlân

Gaasterlân-Sleat stiet takom jier op 'e nij ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje. In spesjale projektlieder moat de gemeente út de reade sifers krije. Dy is oansteld om't de gemeente der wer net yn slagge de begrutting slutend te krijen.
Seis oare gemeenten moatte takom jier tige besunigje. Dat binne West- en East-Stellingwerf, Nijefurd, Achtkarspelen, Dongeradiel, Hearrenfean en Boarnsterhim.