Manlju oanholden mei drugs

18 des 2006 - 10:36

De plysje hat snein op de A7 by Drachtsterkompenije twa manlju oanholden. Sy hiene harddrugs, fjoerwurk en in slachwapen by har.

De plysje seach fiif auto's op de flechtstrook stean en naam poalshichte. Yn ien fan de auto's lei in stielen honkbalkneppel. Nei't der ek noch in pûdsje drugs en fjoerwurk fûn wie, pakte de plysje in ynwenner fan Musselkanaal en in man út Nieuwe Pekela op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)