Friezen kampioen iisbylden

18 des 2006 - 10:25
Foto: Omrop Fryslân

Rolf_Döderlein_de_Win en Hans_de_Zwaan út Drachten binne snein yn Arnhem Nederlânsk kampioen wurden by it iisbylde meitsjen. De dielnimmers mochten yn sân oeren tiid in byld meitsje fan fiif grutte iisblokken, mei help fan ûnder mear in kettingseach.

Döderlein de Win en De Zwaan wûnen mei in trije meter heech byld fan in seemeermin. Yn febrewaris meie se nei it wrâldkampioenskip yn Alaska.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)