Yn april beslút oer KH 2018

21 mrt 2012 - 17:13

De gemeente Ljouwert en de provinsje beslute yn april oer it wol of net trochgean fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018. It kolleezje en de steaten prate 3 april oer it projektplan dat 30 maart klear wêze moat. De gemeenteried fan Ljouwert sjocht 17 april nei de bydrage fan de stêd.

De VVD stelde woansdei fragen oer it proses by de Kulturele Haadstêd. It oarspronklike útstel dat Ljouwert al yn maart beslute soe is net helle.

Trefwurden: 
VVD KH2018 Aukje de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)