Mishanneling yn Balk

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige man út Drylts is sneintemoarn slim mishannele yn Balk. Hy waard om 03.45 oere nachts yn de Dûbelstrjitte slim ferwûne en lizzend op stjitte oantroffen.
Hy is mei noch ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Wat der krekt bard is, is noch ûndúdlik. Neffens tsjûgen soe de man yn it gesicht skopt wêze.