Kramer ferbetteret eigen rekord

17 des 2006 - 14:06

Reedrider Sven_Kramer fan Aldskoat hat syn persoanlike rekord op de 500 meter ferbettere. Dat stiet no op 36,58 sekonden. Begjin dizze moanne hie Kramer syn rekord al bysteld nei 36,74 sekonden.

Kramer ferbruts it rekord by in treningswedstriid op it iis fan Thialf. Takom wike wurdt op It Hearrenfean it Nederlânsk Kampioenskip all-round ferriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)