CU tsjin kasino by nijjiersfeest

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de ChristenUnie yn Ljouwert hat in boycot oankundige foar de nijjiersresepsje fan de gemeente. Ien fan de sealen fan de Harmonie wurdt by de resepsje omboud ta in kasino en dêr is de ChristenUnie it net mei iens.
Earder hat de fraksje al oanjûn dat se net gelokkich binne mei de komst fan it Holland Casino by it WTC_Expo. De CU fynt it net goed as de oerheid jild fertsjinnet mei gokken.