Brân yn skuorre Sânhuzen

21 mrt 2012 - 17:10

Oan de IJkenweg yn Sânhuzen hat woansdeitemiddei brân west yn in soarchbuorkerij. Net ien rekke ferwûne. It fjoer ûntstie yn in skuorre njonken it wenhûs. Dêr wiene gjin bisten yn de skuorre, wol lei der strie opslein. Dat is by de brân ferlern gongen, krekt as in flink stik fan de skuorre sels. Yn it plafond fan de skuorre sit asbest, mar dat is net nei bûten kaam. In kraan sil de smeulende resten fan it gebou útelkoar te lûken. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
brân Sânhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)