Van Lunzen wint Adventure Run

16 des 2006 - 17:09
Foto: Omrop Fryslân

De tredde Adventure Run, in heale maraton op It Amelân, is sneontemiddei ferrassend wûn troch Remon van Lunzen út Ljouwert. Hy wie rapper as de favoryt Saher Yousef fan It Hearrenfean, dy 't twadde waard.

By de froulju hat Mariska Kramer- Postma út Drachten wûn. Van Lunzen rûn de 21,5 kilometer yn 1.12,15, goed twa minuten rapper as Saher Yousef. Kramer is yn de algemiene stân op it 14e plak einige mei in tiid fan 1.23,57.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)