Koereur Theo Pijper promovearre

De Rinsumageaster speedway-koereur Theo Pijper is promovearre fan de Premier League nei it heechste nivo, de Elite League.
Hy ferhuzet fan Edinburgh, Skotlân, nei Wolverhampton, Ingelân. Pijper is de iennichste Nederlânske profesjonele speedway-koereur. Hy is yn 2002 nei Edinburgh ta ferhuze om him folslein op de sport te rjochtsjen. Nei 5 goede seizoenen yn Skotlân hat er foar de Ingelske klub keazen.