Man út Bontebok swaait mei bile

16 des 2006 - 15:06

In man út Bontebok hat sneontejûn foar flink wat opskuor soarge yn in wenhûs oan de Bonningastrjitte yn Toppenhuzen. De man wie it hûs yngong mei in bile en in hammer en makke rúzje mei de bewenner fan it hûs.

De freondinne fan de bewenner gong de strjitte op om help te sykjen. Buorlju warskôgen dêrnei de plysje. Doe't dy oankaam, die bliken dat de bewenner fan it hûs ferwûne rekke wie. De man út Bontebok is arrestearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)