Wenningbrân yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn in wenning oan de Carolinenburg yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon brân west. De bewenners, twa folwoeksenen en twa bern fan 14 en 19 jier, waarden wekker fan de reekmelder en koene it hûs op tiid útkomme.
Se binne wol nei it sikehûs brocht omdat se in soad reek ynademe hiene. De brân is mooglik ûntstien troch koartsluting yn de televyzje. Hoe grut de skea is, is noch net dúdlik.