Ynsammelingsaksje Radio Middelsé

16 des 2006 - 14:07

De Stienzer lokale omrop Radio Middelsé begjint in ynsammelingsaksje foar de famylje Nonnemaker. Troch fochtproblemen is it hûs fan de famylje amper mear te bewenjen: de muorren, meubels en gerdinen binne beskimmele en de flieren ferrotte.

Radio Middelsé freget sneontemiddei live yn de útstjoering Stienzer bedriuwen om in bydrage sadat der nij meubilêr, nije gerdinen en flierbedekking kocht wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)