Krystpakketten foar minima

16 des 2006 - 13:30

By de Opstandingstsjerke yn Ljouwert wurde sneon de hiele dei krystpakketten útdield oan minsken dy't it dreech ha om rûn te kommen.

500 Gesinnen dy't by de Fryske 'Voedselbanken' ynskreaun stean, ha sa mei de Kryst wat ekstra's. Yn in krystpakket sitte sa'n 30 produkten, lykas kofje, tee en krystbôle. De boadskippen binne beskikber steld troch bedriuwen en partikulieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)