Kommandant Ruijs mei pensjoen

© Omrop Fryslân
Kommandant Ben Ruijs fan de fleanbasis yn Ljouwert sil mei yngong fan heal febrewaris it kommando oerjaan oan kolonel Toon den Drijver. Ruijs kin fan it simmer mei pensjoen. It lêste heal jier fan syn wurkjend libben sil Ruijs lieding jaan oan de loftmacht- ienheid yn Kandahar yn Afganistan.
Den Drijver is no kontingintskommandant yn Afhanistan. Ruijs hat sûnt novimber 2004 de baas west op de fleanbasis.