Ruten fernield yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne freed op twa plakken ruten ynslein troch in man. Earst hie er trije ruten fernield fan in kafee oan de Grutte Heechstrjitte. Letter sneuvele it glês fan in telefoansel op it Saailân. Tsjûgen warskôgen de plysje. Sy hiene ek sjoen dat de man in grut mes by him hie. De plysje koe de man oanhâlde op de Beursbrêge.
Hy is meinommen nei it buro. De man hie ûnder oare stellen bankpassen en in stellen riidbewiis by him.