Eilannen: gratis mei de bus?

15 des 2006 - 21:43

De provinsje wol fergees iepenbier ferfier op de waadeilannen. Deputearre Baas sei dat freed by de presintaasje fan it programma fan easken foar it iepenbier ferfier op de waadeilannen. De bydrage fan de provinsje wurdt in goed heal miljoen euro minder. Dat betsjut dat de eilannen sels op syk moatte nei ekstra jildstreamen.

Neffens deputearre Baas kin mei it heffen fan 1,15 euro toeristebelesting de bussen al fergees ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)