Atoglas produsearret lêste plaat

© Omrop Fryslân
By keunststoffabryk Atoglas yn Ljouwert rûn freedtemiddei de lêste plaat fan de bân. It fabryk giet definityf ticht. It wie al 2,5 jier bekend dat it barre soe, dochs wie it noch wol efkes slokken foar de meiwurkers. It memmebedriuw wol alle aktiviteiten nei Frankryk hawwe.
Ald-meiwurkers wiene nei it fabryk kaam om de lêste produksje te begelieden. Fan de 130 personielsleden hat mear as de helte in nije baan fûn.